Bevallen en kraamverzorgende nodig? Bel: 0513 - 727 042

Isis Kreamsoarch

Lokwinske datst yn ferwachting bist! Do giest in bysûndere tiid yn ‘e mjitte. Om dyn poppe aanst in waarm wolkom te jaan, moatst in protte dingen regelje. Ien dêrfan is kreamsoarch. By Isis Kreamsoarch wurkje profesjonele kreamfersoargjenden dy’t neat leaver wolle as dy in moaie kreamtiid te besoargjen. Wy stribje nei ien op ien soarch – dyn eigen kreamfersoargjende yn dyn kreamwike. Ast yn ferwachting bist riede wy dy ta op ‘e kreamtiid en it âlderskip. We assistearje dy ek by de befalling. As de poppe der is, soargje wy foar in waarme en ûntspannen start foar dy en dyn húshâlding.

Wat is kreamsoarch

Skriuw dy yn
foto Soarch dy't fertroud is
lijn
Isis Kreamsoarch wurket it leafst tichteby it kreamgesin

Soarch dy't fertroud is

Yn ferwachting wêze, befalle en de earste dagen tegearre mei dyn berntsje. Dat binne bysûndere, yntime mominten yn dyn libben. Dan wolst soarch dy’t fertroud is en goed fielt. En soarch dy’t tichteby is. Isis Kreamsoarch wurket it leafst tichteby it kreamgesin. Wy wurkje mei fêste teams fan kreamfersoargjenden om ferloskundigepraktiken hinne. We besykje dyn wenplak sa goed mooglik te matchen mei it fêste team fan kreamfersoargjenden fan dyn ferloskundigepraktyk sadat wy soarch goed ôfstimme kinne. Dat is fertroud foar dy en noflik foar de kreamfersoargjende. Wy binne wurksum yn ‘e provinsjes Grinslân, Fryslân, Drinte en in part fan ‘e provinsje Oerisel.

Resinsje

Foarljochting en nijs

Isis Kreamsoarch is geregeld te finen op beurzen, by foarljochtingen yn sikehuzen, ynformaasjebyienkomsten foar oansteande memmen (‘zwangerencafé’s’) ensfh. Sjoch yn ús agenda wêr’tst Isis Kreamsoarch fine kinst. Fia nieuws bliuwst op ‘e hichte fan ‘e lêste ûntjouwingen by Isis Kreamsoarch. Wy binne ek te finen op Facebook.

De Kreambank hat it en jout it!

Isis Kreamsoarch hat in eigen Kreambank mei in fêstiging yn It Hearrenfean en Grins. Ast in poppeútset sels net betelje kinst, kinst in berop dwaan op ‘e Kreambank. Wy sammelje poppeklean en poppeguod by ús klanten yn en jouwe dat fia de Kreambank troch oan húshâldingen dy’t it nedich hawwe. Sa krije alle poppen fan Isis Kreamsoarcj in goede start! Wolst mear witte? Sjoch dan op ús website.

foto Wolst mear witte of ynskriuwe foar kreamsoarch?
lijn
Nim kontakt op mei Isis Kreamsoarch

Wolst mear witte of ynskriuwe foar kreamsoarch?

Nim dan kontakt op mei Isis Kreamsoarch

Klanteservice: 0513 – 727042

Wurkdagen fan 8.30 – 17.00 oere berikber foar it oanmelden foar kreamsoarch en algemiene ynformaasje oer yn ferwachting wêzen en befallen.

E-mail: klantenservice@isiskraamzorg.nl

Skriuw dy yn

Isis kraamzorg bij jou in de buurt?

Vul je postcode in en check direct of onze kraamzorg ook bij jou in de buurt beschikbaar is

Isis kraamzorg is beschikbaar bij jou in de buurt

Schrijf je nu in

Aanmelden
Buiten werkgebied

Helaas, Isis kraamzorg is niet beschikbaar bij jou in de buurt