Bevallen en kraamverzorgende nodig? Bel: 0513 - 727 042

Wat fine oare âlden fan Isis Kreamsoarch?

“Us kreamwike sit der alwer op. Mariska (ús kreamhelp) is krekt fuort. Mei triennen yn ‘e eagen sit ik dit te typen, want wat sille wy har misse. We hawwe in geweldige wike hân. Mariska do bist in topper! En ek de oaren fan Isis Kreamsoarch, benammen Sijke. Tank foar de goede service!”

“Us tredde berntsje en de earste kear kreamsoarch fia Isis Kreamsoarch. Ik haw in fantastyske kreamtiid hân. Hearlik rêstich en de kreamhelp wie in fantastyske frou! Alles gie yn oerlis, se joech goed en geduldich antwurd op fragen, ek as de oare bern wat fregen. Se beluts de oare bern der ek super by! Yn ien wurd geweldich! Nochris super betanke foar de moaie kreamwike!”

“Foar de twadde kear kreamsoarch fia Isis Kreamsoarch hân en ik soe it elkenien oanriede. Mei grutte tank oan Vera dy’t wy beide kearen as kreamhelp hawwe mochten, hawwe wy in geweldige kreamwike hân. Nochris tank. Stazjêre Chantal wolle wy ek betankje. Us dochter fûn it geweldich.”

“Hiele moaie kreamtiid hân mei Gina. Wat in leaf mins! Se hat ús en ús famke fan twa goed begelaat en holpen om de earste spannende wike troch te kommen! En se kin hearlik itensiede en fruitcocktails meitsje!”

“Wy hawwe in geweldige kreamtiid hân mei Wietske, echt genietsje. We hawwe in protte fan har jierrenlange ûnderfining leard en foaral in protte lake. Supergesellich wie it! We fielden ús fuortendaliks op ús gemak en doarden de soarch foar ús berntsjes en it húshâlden oan har oer te litten. Tanksij alle sûne/ lekkere hapkes en in soad drinken bin ik wer oansterke en kin ik der sels wer tsjinoan. Wietske, we sille dy misse! Tank datst dizze bysûndere tiid noch moaier makke hast.”

“Wy binne hjoed foar it earst sûnder ús fantastyske kreamhelp en hoe goed oft it ek giet, ik mis har stikem dochs! Tanksij Jelly hawwe wy in fantastyske kreamwike hân en hawwe wy in ûntsettend soad leard. Mei tanksij har hawwe wy no in tefreden famke en rint myn boarstfieding goed en dat is presys wat foar ús hiel belangryk wie (en is)! Dy fiif stjerren binne dan ek royaal fertsjinne.

Isis kraamzorg bij jou in de buurt?

Vul je postcode in en check direct of onze kraamzorg ook bij jou in de buurt beschikbaar is

Isis kraamzorg is beschikbaar bij jou in de buurt

Schrijf je nu in

Aanmelden
Buiten werkgebied

Helaas, Isis kraamzorg is niet beschikbaar bij jou in de buurt