Bevallen en kraamverzorgende nodig? Bel: 0513 - 727 042

Wat is kreamsoarch ?

Kreamsoarch is de soarch dy’tst krijst om de berte hinne. De kreamfersoargjende begeliedt en advisearret dy en dyn húshâlding yn dy bysûndere tiid sa goed mooglik mei as úteinlike doel datst selsfersekere de soarch foar dyn berntsje trochsette kinst nei de kreamtiid. De kreamfersoargjende fynt it minstens sa belangryk datst genietest en ta rêst komst.

foto Wannear moat ik kreamsoarch oanfreegje en hoe doch ik dat?
lijn
Wachtsje net te lang mei it oanfreegjen fan kreamsoarch

Wannear moat ik kreamsoarch oanfreegje en hoe doch ik dat?

Wachtsje net te lang mei it oanfreegjen fan kreamsoarch. Doch dat by foarkar ast in wike as tolve yn ferwachting bist, mar uterlik yn ‘e tweintichste wike. Yn Nederlân meist sels dyn kreamsoarchorganisaasje kieze en dy dêrby oanmelde. Isis Kreamsoarch hat in kontrakt mei alle soarchfersekerders. Nei oanmelden kinne wy derfoar soargje dat alles regele wurdt mei dyn soarchfersekerder.

Hoefolle oeren kreamsoarch krij ik en wat kostet it?

Kreamsoarch krijst yn Nederlân fergoede út dyn basis soarchfersekering wei. Do betellest allinne in fêste eigen bydrage it oere. Foar mear ynformaasje dêroer kinst terjochte by dyn soarchfersekerder. Standert bestiet de soarch út 49 oeren kreamsoarch ast boarstfieding joust en oars 45 oeren ferdield oer acht dagen. Hoefolle oeren kreamsoarch oftst úteinlik krijst, hinget ôf fan dyn situaasje. Do kinst bygelyks langer soarch krije ast problemen hast mei de boarstfieding of ast befallen bist fan in mearling. Dyn ferloskundige (of húsdokter) beoardielet, mei input fan ‘e kreamfersoargjende, op twa mominten yn dyn kreamtiid hoefolle soarch oftst nedich hast. Flak nei de befalling is it earste momint en op ‘e tredde of fjirde dei fan dyn kreamtiid is it twadde beoardielingsmomint. It is ek mooglik in njoggende of in tsiende soarchdei te ûntfangen. Dyn ferloskundige of húsdokter sjocht oft dat needsaaklik is. Do krijst dus altyd de soarch dy’t past by dyn winsken en situaasje.

Wannear begjint de kreamsoarch?

Kreamsoarch begjint al ast yn ferwachting bist. By it intakepetear besprekt de intaker fan Isis Kreamsoarch alderhande praktyske saken mei dy, lykas it tal oeren kreamsoarch en dyn ferwachtingen fan ‘e soarch. Fansels hasto by de intake ek de romte om al dyn fragen te stellen. Dêrneist organisearret Isis Kreamsoarch, yn gearwurking mei ferloskundigen, foarljochtingen oer ûnder oare (boarst)fieding en ynrinsprekoeren.

Wat docht myn kreamfersoargjende?

De kreamfersoargjende assistearret de ferloskundige of húsdokter by de befalling. Dyn kreamfersoargjende is der dus al fan it earste momint ôf by om dy te begelieden en te advisearjen.

Dan begjint dyn kreamwike. Dat is de perioade fan acht dagen nei de befalling. By dyn earste berntsje is alles noch nij, mar ek in folgjend berntsje is wer hiel bysûnder. Dyn libben is no kompleet feroare mei de soarch foar de poppe. Nim de tiid om dêroan te wennen en derfan te genietsjen. De kreamfersoargjende helpt dy dêrby en is der foar de fersoarging fan ‘e poppe, dy en de rest fan ‘e húshâlding.

foto Soarch foar de poppe
lijn
De kreamfersoargjende hâldt de sûnens fan 'e poppe goed yn 'e gaten

Soarch foar de poppe

De kreamfersoargjende hâldt de sûnens fan ‘e poppe goed yn ‘e gaten. Se kontrolearret alle dagen de temperatuer en it gewicht fan dyn berntsje. De resultaten fan alle kontrôles komme yn dyn persoanlike soarchwizer. De kreamfersoargjende helpt dy ek by de deistige fersoarging fan ‘e poppe en jout foarljochting en tips. De kreamfersoargjende is dêrneist spesjaal oplaat om dy te begelieden by it fuorjen fan ‘e poppe, oftst no boarst- of keunstfieding joust. Dêrneist kin de kreamfersoargjende, by spesifike problemen by boarstfieding, help ynskeakelje fan ‘e laktaasjekundige.

foto Soarch foar dy
lijn
De kreamfersoargjende is der fansels foar dy!

Soarch foar dy

De kreamfersoargjende is der fansels foar dy! Se docht alle dagen in tal medyske kontrôles mar is der ek om dy yn ‘e watten te lizzen! Genôch rêst en ûntspanning nimme is nammentlik belangryk foar dyn opknappen en in goede start. Goed ite en genôch drinke binne in betingst om oan te sterkjen, dêrom bedjert de kreamfersoargjende dy yn ‘e kreamtiid mei sûn en lekker iten. Fierder nimt se dy in grut tal húshâldlike taken út hannen. Sa soarget sy derfoar dat it sanitêr en de bêden altyd fris en skjin binne. Yn oerlis mei de kreamfersoargjende kinst bepale hokker oare eventuele húshâldlike taken se op har nimt. Alles giet yn oerlis mei dy! De soarch is dan ek ôfstimd op dyn winsken en dy fan dyn húshâlding.

foto Soarch foar dyn húshâlding
lijn
De kreamfersoargjende soarget ek foar dyn partner en foar grutte broer/bruorren en/of suster(s)

Soarch foar dyn húshâlding

Foar de rest fan ‘e húshâlding is de komst fan in (nij) bruorke of suske ek in yngripend barren. It is dêrom belangryk om de hiele húshâlding safolle mooglik te belûken by de soarch foar de poppe. De kreamfersoargjende soarget dêrom ek foar dyn partner en foar grutte broer/bruorren en/of suster(s).

foto Wolst mear witte of ynskriuwe foar kreamsoarch?

Wolst mear witte of ynskriuwe foar kreamsoarch?

Nim dan kontakt op mei Isis Kreamsoarch

Klanteservice: 0513 – 727042

Wurkdagen fan 8.30 – 17.00 oere berikber foar it oanmelden foar kreamsoarch en algemiene ynformaasje oer yn ferwachting wêzen en befallen.

E-mail: klantenservice@isiskraamzorg.nl

Nim kontakt op mei Isis Kreamsoarch

Isis kraamzorg bij jou in de buurt?

Vul je postcode in en check direct of onze kraamzorg ook bij jou in de buurt beschikbaar is

Isis kraamzorg is beschikbaar bij jou in de buurt

Schrijf je nu in

Aanmelden
Buiten werkgebied

Helaas, Isis kraamzorg is niet beschikbaar bij jou in de buurt