Bevallen en kraamverzorgende nodig? Bel: 0513 - 727 042

Fakatuere kreamsoarch Fryslân

Yn it westen fan de provinsje Fryslân, om Harns, Stiens en Ljouwert hinne, begjinne wy mei in folslein nij team! Wy sykje kreamfersoarchsters of Fersoargjende IG-ers dy’t de útdaging oangean wolle om fan dit nije team in sukses te meitsjen en mei ús te sjen hoe’t wy dit team it bêste ynrjochtsje kinne. Der is in yntinsive gearwurking tusken Isis Kraamzorg en de ferloskundigen yn de regio en do krigest de unike kâns om sawol selsstannich te wurkjen as ferskillende rollen te ferfoljen yn it team. Tink bygelyks oan de rol fan foarsitter of notulist. Mei-inoar sjogge wy wêr’t dyn krêft leit! Giesto de útdaging oan en fersterkesto it team yn Fryslân West?

Isis Kraamzorg
By Isis Kraamzorg fielsto dy thús. Wy fine it wichtich datsto dy heard en sjoen fielst. Dêrom binne wy in organisaasje mei koarte linen. Wy dogge der alles oan om dy sa goed mooglik te stypjen sadatsto de bêste soarch biede kinst oan de húshâldingen. By Isis Kraamzorg wurkje profesjonele kreamfersoarchsters dy’t neat leaver wolle as húshâldingen mei in lytse poppe in noflike kreamtiid besoargje. As de âlders noch yn ferwachting binne, soargje wy foar in goede tarieding fan de âlders op de kreamtiid en it âlderskip. Wy helpe ek by de befalling. As de poppe der is, soargje wy foar in waarme en ûntspannen start foar de mem en har húshâlding. Wy bringe balâns yn elke situaasje. Fierders hawwe wy yn de regio West-Fryslân nauwe bannen mei ferloskundigepraktiken en litte wy de teams safolle mooglik gearwurkje mei deselde ferloskundigen.

Wat biede wy dy?
Wolsto ús team yn de regio Fryslân West fersterkje? Dan meist in soad fan ús ferwachtsje. Wy soargje foar in ynwurkperioade en biede ferskillende opliedingen oan, sadatsto altyd op de hichte bliuwst fan de nijste ûntjouwingen. Do krigest ek de kâns om dysels te ûntwikkeljen en om ferskillende rollen yn it team te ferfoljen; tink bygelyks oan it begelieden fan stazjêrs of it jaan fan foarljochtingen. Wy soargje der mei-inoar foar dat it fak fan kreamfersoarchster foar dy ôfwikseljend en nijsgjirrich bliuwt.

Mei-inoar sjogge wy nei watfoar kontraktomfang it bêste by dy past. De wurktiden bepale wy mei-inoar en mei it planburo. Wy biede de mooglikheid om op roaster te wurkjen en yn duobanen. Om’t wy leauwe dat rêst wichtich is, krigesto by ús de mooglikheid om trije wiken simmerfakânsje op te nimmen. Yn earste ynstânsje biede wy dy in tydlik kontrakt oan, mei arbeidsbetingsten dy’t regele binne yn de Cao-Kraamzorg. As kreamfersoarchster wurdsto yndield yn FWG 35, wat stiet foar in bruto fulltime lean fan op syn heechst €2.798,52 yn de moanne. Dêrnjonken is der in ûnregelmjittichheidstaslach fan 40 prosint en binne der wachtjildfergoedingen.

Wa bisto?

  • Do wurdst der bliid fan om alle kearen op ‘e siik te gean nei de winsken en it ferlet fan de klant en do witst dy dêrop oan te passen;
  • Do fielst dy ferantwurdlik en dochst der alles oan om in ûnbesoarge kreamtiid nei te stribjen;
  • Do fynst it noflik om selsstannich te wurkjen en kinst goed kommunisearje mei kollega’s en oare soarchmeiwurkers;
  • Do hast it diploma Kreamfersoarchster of Fersoargjende IG behelle;
  • Do hast in rydbewiis en in eigen auto.

En no?
Begjinne dyn hannen al te jokjen om mei ús team Fryslân West op te setten? Stjoer dan fluch dyn cv en motivaasjebrief nei poo@isiskraamzorg.nl. Hasto earst noch fragen? Nim dan kontakt op fia 0513-727042 en freegje nei in manager kreamsoarch. Wy hoopje dy gau te sjen!

Fryske oersetting mei tank oan de oplieding Friese Taal en Cultuur oan de Rijksuniversiteit Groningen

foto

Isis kraamzorg bij jou in de buurt?

Vul je postcode in en check direct of onze kraamzorg ook bij jou in de buurt beschikbaar is

Isis kraamzorg is beschikbaar bij jou in de buurt

Meld je nu aan voor kraamzorg en ontvang een prachtig cadeau!

Aanmelden
Buiten werkgebied

Helaas, Isis kraamzorg is niet beschikbaar bij jou in de buurt